Sulver foar Elma de Vries

© Omrop Fryslân
Elma de Vries fan De Haule hat moandei sulver wûn op it EK skeelerjen yn Heerde. De rit gie oer 1000 meter.
De 21-jierrige skeeleneur wie eins net fit. It twadde plak komt as in ferrassing. Se is der hiel bliid mei, ek om't se foarich jier in min jier hân hat. De wrâldkampioene reedriden by de junioaren hie tefolle traind. Troch it skeelerjen krige se wer nocht oan de sport.