Man falt âldere froulju lestich

04 aug 2004 - 14:46

In man fan sa'n tritich jier hat ferskate âldere froulju lestichfallen op 'e Jouwer. De man besocht mei in praatsje binnen te kommen. As er ien kear yn de hûs wie, die er de froulju seksuele foarstellen en begûn er oan himsels te sitten.

De plysje fan Hearrenfean is op syk nei minsken dy't dizze man sjoen hawwe of mear witte. Dizze minsken kinne belje mei 0900 - 88 44.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)