Basso en Dekker by Profronde

04 aug 2004 - 10:28

Arenda Grimberg út Almelo hat tiisdei yn Surhústerfean it kritearium by de froulju wûn. Twad waard Christine Mos. It tredde plak wie foar Aukje de Koning út Alkmaar. Josephine Groeneveld út Folsgeare wie de earste Friezinne dy't oer finish kaam. Se wie fyfde.

Tiisdeitejûn wurdt foar de 23ste kear de profronde fan Surhústerfean ferriden. Grutte publykslûkers binne Ivan Basso en Erik Dekker. De organisaasje rekkent op 25.000 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)