Gjin blau-alch mear by Smelle Ie

© Omrop Fryslân
Earst wie it der net, doe wol wer en no net mear: blau-alch yn it wetter by it rekreaasjestrân by Smelle Ie. It soe gean om in lege konsintraasje.
Moandeitemoarn waard in laachje algen oantroffen by it strantsje. Dat soe gjin blau-alch wêze, mar in gewoane algesoart. Dochs hat gemeente Smellingerlân advisearre net yn it wetter te swimmen. Provinsje en wetterskip kontrolearje alle 29 swimwetters geregeld op de kwaliteit.