Boalsert wint by Wâldsein

© Omrop Fryslân
It SKS-skûtsjesilen moandei by Wâldsein is wûn troch Eldert Meeter fan Boalsert. Twadde waard Pieter Brouwer mei it Hearrenfeanster skûtsje, op in pear meter folge troch konkurrint Berend Mink fan Grou. It wie yn Wâlds- ein mear in driuwpartij as in silerij.
De útslach betsjut in spannende situaasje foar it klassemint. Nûmer 1 stiet Hearrenfean mei 17,9 punten, nûmer 2 is no Boalsert mei 19,9 punten en tred Grou mei 20,8 punten.