Asbest gjin gefaar foar sûnens

03 aug 2004 - 16:05

Der is gjin gefaar foar de folkssûnens, ek al is der asbest frijkommen by de brân by DBO yn Dokkum. Ut ûndersyk hat bliken dat yn de wyk Kooilanden yn Dokkum asbestdieltsjes fûn binne. It giet om lytse stikjes wite asbest. Dat is de minst skealike soart.

As op it asbest sprongen wurdt, kinne frijkommen stofdieltsjes gefaarlik wêze. De GGD riedt ynwenners oan om it asbest dan wiet te meitsjen en de brânwacht te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)