Hearrenfean wint oefenwedstriid

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat snein de oefenwedstriid tsjin Stormvogels/ Telstar út de earste divyzje mei 2-0 wûn. By it skoft stie it noch 0-0. Yn de twadde helte makke Georgios Samaras de beide Feanster doelpunten. Hy kaam yn de 73ste minút yn it fjild. Op oanjaan fan Yildirim en Hersi koe er de wedstriid noch wat glâns jaan.
De Feansters oefenje noch twa kear, tsjin Emmen en Athletic de Bilbao. Dêrnei begjint de kompetysje.