V.d. Meer-en-dy winne Wytmarsum

© Omrop Fryslân
It partoer Rutmer van der Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar hat sneintemiddei it haadklasse keatsen yn Wytmarsum wûn. Se wûnen de finale fan dizze generale foar de PC fan it partoer Johannes Dijkstra, Herman Sprik en Arie den Breejen mei 5-1 en 6-2.
Chris Wassenaar waard útroppen ta kening. De lytse preemje wie foar it partoer Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger.