Duatlon: Mariska Kramer sechsde

02 aug 2004 - 11:22

Mariska Kramer-Postma fan Drachten is snein sechsde wurden by de WK duatlon yn it Deenske Fredericia. Se moast 20 kilometer rinne, 120 kilometer fytse en nochris 10 kilometer rinne. Har tiid wie 6.06,37. Earste by de froulju waard de Dútse Ulrike Schwalbe yn 5.35,55.

Yvonne van Vlerken wûn de sulveren medalje mei in tiid fan 5.40,59, It brûns wie foar de Hongaarse Erika Csomor mei in tiid fan 5.45,43.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)