Fancel 4e by heale maraton

© Omrop Fryslân
Hurdrinster Jacinta Fancel fan Ljouwert is sneon fjirde wurden by de heale maraton fan Lauwerseach nei Ulrum (Grinslân). Se rûn de 21 kilometer en 97,5 meter yn 1.31,32. Maaike Hornstra fan Jellum waard fyfde yn 1.32,00.
De winst gong nei Kristijna Loonen út Amstelveen yn 1.14,41. By de manlju waard Kosta Poltavets fan It Hearrenfean tsiende yn 1.17,57. Hy waard twadde by de feteranen. De Marokkaan Baligha wûn yn 1.02,38.