B en W docht te min foar museum

© Omrop Fryslân
B en W fan Frjentsjerteradiel moatte har mear ynsette foar it Coopmanshûs. Dat seit it bestjoer fan it museum. De plannen foar de ferhuzing nei it Martenahûs duorje te lang. Mooglik rint it museum subsydzje mis.
It Carthesius-ynstitút, dat no it Martenahûs hiert, wol der ek net út. It ynstitút nimt juridyske stappen tsjin de gemeente. Boppedat ha Deputearre Steaten de gemeente ferbean om yn it nije Coopmanshûs te ynvestearjen.