Waarwebcam op It Amelân

01 aug 2004 - 13:19

De VVV fan It Amelân set in webcam yn om mear toeristen nei it eilân te lûken. It giet no goed mei it deitoerisme op it eilân om't it oeral moai waar is. Mar as it op de fêste wâl reint, bliuwe badgasten faak fuort. En dan kin op it eilân de sinne wol skine.

De waarwebcam jout in oersjoch fan de haven. De bylden binne te sjen op www.vvvameland.nl. Der komt ek noch in webcam dy't rjochte is op it Noardseestrân by Nes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)