Boeredei yn Driezum

01 aug 2004 - 13:19

Yn Driezum wie it sneon Boeredei. It evenemint is ûnderdiel fan de Hynstedagen. It wie de fyftjinde kear dat de Boeredei hâlden waard. Der wie in wedstriid wa't it bêste trekkerride koe.

Derneist wiene ferskate demonstraasjes fan âlde boere-ambachten. Ek wiene der optredens fan artysten en in bradery. Sneontejûn wie it slútstik fan de Hynstedagen mei in konkoers foar túchhynders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)