Weber reagearret op bierynsidint

© Omrop Fryslân
Bier smite nei artysten op in poadium is in foarm fan sinleas geweld. Dat sei sjongeres Marianne Weber op Omrop Fryslân Radio. De sjongeres waard op de slotjûn fan it Feanhoopfestival poer doe't út it publyk wei twa bierkes nei har goaid waarden. Weber hie noch gjin noat songen en sette ôf.
Weber fynt it biersmiten ferloedering fan de maatskippij. Dat se tiisdei net op in festival yn Balk wie, kaam om't se gjin kontrakt tekene hie.