Tún Welgelegen Akkrum opkreaze

© Omrop Fryslân
De tún by Welgelegen yn Akkrum wurdt foar oardel euroton opknapt. It jild komt fan de gemeente Boarnsterhim en út Europeeske fûnsen. Welgelegen is in kompleks húskes yn in park dêr't net troude froulju en widdo's wenje. De tún wurdt opnij drainearre en de grintpaadsjes wurde ferbettere.
De stichting Welgelegen waard yn 1924 oprjochte troch Suster van der Vegt út Akkrum. Markant punt is de âlde koepel dy't koartlyn opknapt is.