Heale Moanne wint by Langwar

30 jul 2004 - 18:14

De 5e wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen is tongersdei by Langwar ferrassend wûn troch Jitze Grondsma mei de Heale Moanne fan Drachten. Twadde waard Eldert Meeter fan Boalsert en tredde Douwe Visser mei it Drachtster skûtsje.

De nûmer ien fan it klassemint, Berend Mink fan Grou, waard 4e en fersterke dêrmei syn kopposysje. De konkurrinten De Lemmer en Hearrenfean waarden resp. 6e en 11e. De Lemmer stiet no 2e, de Heale Moanne en H'fean diele it 3e plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)