Ferkeap goedkeape hierwenten

© Omrop Fryslân
Wenteboukorporaaaje Nieuw Wonen Friesland wol 74 goedkeape hierwenten yn de Koestraten yn Ljouwert ferkeapje. It giet om lytsere en âldere wenten dy't oan grut ûnderhâld ta binne.
De húskes gean fan de hân foar in priis fan 80.000 euro. Se wurde earst oanbean oan de sittende hierders. Mar in soad hierders sizze de húskes lykwols net keapje te wollen. Yn Ljouwert bestiet krapte oan goedkeapere hierwenten.