Feansters rêde 'dûnsbearen'

© Omrop Fryslân
In groep freonen fan It Hearrenfean wol dûnsbearen út Bulgarije rêde. Se ha 7500 euro ynsammele om de bisten fan de eigner te keapjen. De dûnsbearen wurde op wrede wize traind. Se dûnsje wylst se op in gleonhite plaat steane. Op de Balkan heart dit by de kultuer en fertsjinje minsken har brea dermei.
De bisten wurde opkocht en nei in opfangsintrum yn Bulgarije brocht. Yn augustus reizget de groep wer ôf om twa bearen fan har wrede libben te befrijen.