Hearrenfean gelyk tsjin Skotten

© Omrop Fryslân
Hearrenfean spile woansdei 1-1 yn Dedemsvaart tsjin Dunfermline Athletic út Skotlân. Nei in rêststân fan 0-0 makke Yuri Rose yn de twadde helte de 1-0 foar Hearrenfean. Garey Dempsey makke de lykmakker foar de Skotten nei in flater fan keeper Boy Waterman.
Waterman skeat de bal tsjin it lichem fan de Skot oan, wêrnei't de bal yn it doel ferdwûn. De goal wie symptomatysk foar it spul fan Hearrenfean yn de rommelige slotfase fan de wedstriid.