Lemster skûtsje wint by Terherne

© Omrop Fryslân
Ale Zwerver hat woansdei mei it Lemster skûtsje de SKS-wedstriid op 'e Snitser- mar by Terherne wûn. Twadde waard Douwe Visser fan Snits en tredde Ype van der Meulen fan Wâldsein. Dy lêste lei in hiel skoft op it twadde plak mar waard krekt foar de finish foarby fearn. De titelkandidaten Grou en Hearrenfean waarden resp. 7 en 6.
De útslach is goed foar de spanning yn it klassemint: 1. Grou (6,8 pnt), 2. De Lemmer (6,9 pnt) en 3. H'fean (7,9 pnt)