Wachtsje op beskerme status

© Omrop Fryslân
Ljouwert wachtet noch hieltyd op de beskerme status foar tal fan buerten yn Ljouwert. It giet om de Hollanderwyk, it Kanaalgebiet en it gebiet by de Noarder- en Westersingel yn Ljouwert.
De earste oanfraach foar de beskerme status, it saneamde beskerme stedsgesicht, waard dien yn 1999. No fiif jier letter is der noch hieltyd neat bard. It soe allinnich mar fêstsitte op simpele prosedueres by de Raad voor Cultuur.