Groep motorriders op 'e bon

29 jul 2004 - 15:02

De plysje hat woansdei op it klaverblêd by It Hearrenfean yn sân minuten tiid foar 1250 euro oan boetes útskreaun. De boetes giene nei in groep motorriders dy't op it ferkearsplein foar gefaarlike situaasjes soarge.

De motorriders hellen mei hege snelheid links en rjochts auto's yn. Ien fan de oertreders koe op it klaverblêd sels oanholden wurde, de oaren waarden pakt by Tsjalberd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)