Bedriuw libbet kontrakt net nei

29 jul 2004 - 14:42

In 20-tal partikulieren yn Súd-Fryslân binne de dupe wurden fan oplichtings- praktiken fan it bedriuw Container Cleaning Nederland. Dat bedriuw slút kontrakten ôf mei de minsken foar it skjinmeitsjen fan harren ôffalkonteners.

De kosten wurde fan de rekken fan de persoan ôfskreaun mar de konteners wurde net of amper skjinmakke. De SP yn Eaststellingwerf freget dupearren har te melden en besjocht juridyske stappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)