Schatzenburg: betelje foar húske

29 jul 2004 - 12:23

Op rekreaasjepark Schatzenburg yn Menaam moat tenei foar fan alles betelle wurde. Eigner Ron van Booma seit dat de ferliezen fan it kompleks sa grut binne, dat er besikers ek foar it húske en foar it parkearen fan har fyts of auto betelje litte moat.

Besikers van sportwedstriden moatte tenei in tagongskaartsje keapje. Earder frege de ûndernimmer al 10 euro foar in swimbadkaartsje. De gemeente fynt dat Van Booma ôfspraken skeint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)