Baas boppe baas op RTV Oost

© Omrop Fryslân
De televyzjesearje Baas boppe Baas fan Omrop Fryslân giet oer de grins. De dramasearje fan Steven de Jong komt yn novimber op de regionale televyzje RTV Oost yn Oerisel.
Baas boppe Baas wurdt yn it Frysk mei Nederlânske ûndertiteling útstjoerd. It is foar it earst dat in programmasearje fan Omrop Fryslân yntegraal en yn it Frysk útstjoerd wurdt by ien fan de oare regionale omroppen.