Ferbod ferkeap iis op strjitte

© Omrop Fryslân
De Hema op 'e Gordyk mei gjin ijsko's ferkeapje op strjitte. Dat hat de gemeente Opsterlân ferbean. De Hema woe yn de simmermoannen in iiskreamke op de stoepe oan de Langewâl sette. De gemeente wol lykwols net mear stân- plakken yn ferbân mei de feilichheid.
Op 'e Gordyk jildt in maksimum fan fjouwer kreamkes. As der mear komme, dan kinne de helptsjinsten der net mear lâns. De Hema hat noch twa wike om beswier tsjin it ferbod te meitsjen.