Ald-leden De Kast hite no Bullo

© Omrop Fryslân
De âld-bandleden fan De Kast geane fierder ûnder de namme Bullo. Sjonger Jan Tekstra, toetsenist Kees Bode, drummer Fokko de Jong en bassist Sietse Broersma sille op 'e Snitswike foar it earst optrede. Gitarist Peter van der Ploeg docht net mear mei.
De groep hat himsels Bullo neamd nei de ûnsjogge hûn fan in kafeebaas op Skylge. De bandleden wolle mei Bullo net te folle yn 'e skynwerpers en minder kommersjele muzyk meitsje.