Wite strepen feiliger op 'e dyk

28 jul 2004 - 12:16

Om it oantal earnstige ûngelokken fan âldere minsken yn de takomst werom te kringen, moatte gemeenten en oare dykbehearders de linen op de diken goed wyt hâlde. Dat konkludearret de Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid, de SWOV.

De stichting hat yn Drinte ûndersyk dien by de âlderein nei de ferkears- feiligens. Mar deselde situaasje jildt ek foar Fryslân, neffens it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)