Mooglik helihaven by Hearrenfean

28 jul 2004 - 10:30

It bedriuw Helinet út Amsterdam wol op koarte termyn fan Hearrenfean witte wêr't yn de gemeente in helikopterhaven komme moat. Helinet wol op meardere plakken yn it lân helikopterhavens begjinne as alternative foarm fan iepenbier ferfier.

It ynternasjonale bedriuweterrein op It Fean is 1 fan de lokaasjes dy't Helinet op it each hat. De gemeente hat gjin beswier mar hat noch net in lokaasje oanwiisd. Dat moat no op koarte termyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)