Ferrier op proef by Hearrenfean
SC Hearrenfean hat dizze wike de Frânse ferdigener Roman Ferrier op proef. De 28-jierrige Ferrier spile de ôfrûne fjouwer jier foar it Frânse Guingamp. Dêr kin er transferfrij wei.
Ferrier hat earder by Cannes, Bordeaux en Montpellier spile. Hy is njoggen kear útkaam foar it Frânse jeugdalvetal.