Kleanrekken meie wer op strjitte

28 jul 2004 - 10:02

De gemeente Hearrenfean stiet ynkoarten wer kleanrekken- en bakken en reklame- buorden yn de winkelstrjitten ta. No is dat noch ferbean. De gemeente woe in pear jier ferlyn, nei de werynrjochting fan it sintrum, ôf fan it rommelige strjitbyld.

Alle oandacht moast gean nei de etalaazjes, gevels en puien fan de winkels. Mar út ûndersyk docht bliken dat de minsken dochs leaver wer wat guod op de stoepen fan winkels sjogge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)