Chipknip populêr by âlderein

© Omrop Fryslân
De Fryske âlderein betellet yn fersoargingstehuzen hieltyd feiliger mei help fan de chipknip. Op ien fan de lokaasjes fan de Greidhoeke begûn ferline jier in proef mei it gebrûk fan de chipknip.
Dy proef wie in sukses want 75 prosint fan de bewenners brûkt it no. It beteljen mei de chipknip wurdt dêrom no op hast alle 9 lokaasjes ynfierd. Nei in fúzje komme dêr ek noch fer- tehuzen yn Snits en Blauhús by.