Ferneamde oargelist yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Yn de Martinitsjerke yn Boalsert is tiisdei in bysûnder konsert. De oargelist fan ûnder oaren de Notre Dame en oare tsjerken yn Parys jout yn de Gysbert-Japicx-stêd acte de presence. Daniel Roth sil op it Hintz-oargel yn de Martinitsjerke in keur oan Frânske muzyk spylje.
Roth is in ferneamd oargelspiler. Op syn toeraginda pronket Boalsert tusken New York en Barcelona. Moandei oefene er al alfêst op it Boalserter oargel.