Spul oer steiger by werf

27 jul 2004 - 12:12

De steiger by jachtwerf Van der Werf út Grou kin foarearst stean bliuwe. Dat hat de rjochtbank moandei besluten. Neffens de gemeente Boarnsterhim hat de werf lêsten de steiger útwreide fan 17 nei 20 meter sûnder in boufergunning. De gemeente wol dat de steiger ôfbrutsen wurdt.

De steiger mei fan de rjochter stean bliuwe oant in beslút naam is oer de bou-oanfraach. De gemeente en de eigner fan de werf sille ynkoarten om tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)