Soad wespen dizze simmer

27 jul 2004 - 07:54

De wespebestriders yn Fryslân meitsje oeroeren. De oerlêst fan de ealjebijen liket folle grutter as ferline jier. Nei alle gedachten komt dat troch de waarme winter. De ûngediertebestriders romje oeral yn Fryslân nêsten ûnder dakpannen, yn hagen en yn de grûn op.

Bestriders warskôgje minsken om sels gjin nêsten op te romjen. It is gefaarlik wurk en wespen komme faak wer werom nei't se ûnsaakkundich bestriden binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)