Pleit foar Fryslân as VVV-regio

© Omrop Fryslân
De stifting Fryske VVV's besiket by de lanlike VVV-organisaasje Fryslân as ien toeristyske regio erkend te krijen. Dat soe mooglik wêze omdat der lanlik in nije ferdieling fan regio's komt.
Foarsitter Peter van der Hoek fan de VVV Friese Kust seit dat yn reaksje op de rop om in fúzje fan syn organisaasje mei VVV de Friese Meren. De direkteur fan De Friese Meren wol dat graach. It oprjochtsjen fan in provinsjale VVV soe mear foar de hân lizze, neffens Vd Hoek.