Arrestaasjes op 'e Feanhoop

© Omrop Fryslân
De plysje moast sneintenacht in pear útrukke nei De Feanhoop. De earste kear hie in 25-jierrige Jouster mei te folle drank op in pear auto's oanriden. Syn rydbewiis is yn beslach nommen.
In pear oeren letter waard op 'e nij in man fan 'e Jouwer oanholden. Hy woe beskonken fuortride. Doe't de plysje him tsjinhâlde woe, waard er sa lilk dat er de spegel fan syn auto ôfskopte. Ek misledige er de plysje. Hy krige boeien om en waard meinaam.