Boatsjefarder bedriget swimmers

26 jul 2004 - 13:47

De plysje hat sneon op it Prinses Margrietkanaal by Grou in 35-jierrige ynwenner fan Ljouwert op syn boat oanholden. De man wie koart dêrfoar op de Pikmar hiel hurd mei de boat by in groep swimmers delfearn.

De Ljouwerter waard by syn oanhâlding sa lilk dat er in plysjeman de pet fan de holle sloech. Ek bedrige er de plysje. De man krijt ûnder oare poging ta moard en poging ta deaslach as lêst foarlein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)