Gluorker op It Fean oanhâlden

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean is sneintemoarn betiid in 34-jierrige man oanhâlden. Op de Sieger van der Laanstraat stie de Feanster troch de ruten te gluorkjen. Hy stie flak fuort it keamersrút en kipe nei binnen.
Doe't de bewenner, in 21-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean, de gerdinen iependie, stie de fertochte mei de noas tsjin it rút. De fertochte is oanhâlden en oerbrocht nei it buro.