Jonge fytsedieven Ljouwert pakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn twa jonge Ljouwerters oppakt. De jonges rûnen mei in fyts op de nekke en woenen it slot iepenflekse. Doe't se dêr yn in tún oan de Kingmastate mei dwaande wienen, kaam de plysje del. Se bekenden de fyts stellen te hawwen. In oare fyts dy't der stie, wie ek stellen.
De jonges binne oerbrocht nei it buro. Tsjin har wurdt proses-ferbaal foar minderjierrigen opmakke. De fytsen binne yn beslach nommen.