Trio Bouma wint keatsen yn Wier

25 jul 2004 - 14:56

It partoer Jochum Bouma, Kor Zittema en Taeke Triemstra hat sneon it haadklasse keatsen yn Wier wûn. Se wûnen yn de finale mei 5-1 en 6-2 fan it partoer Rutmer van der Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar. It wie in maklike oerwinning foar it partoer Bouma.

De tredde priis yn dizze frije formaasjepartij wie foar it partoer Klaas Anne Terpstra, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)