Partoer Abma wint yn Nijewier

24 jul 2004 - 18:06

It partoer Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger hat snein it earsteklasse keatsen yn Nijewier wûn. Se wûnen mei 5-4 en 6-6 fan it partoer Simon Minnesma, Karel Nijman en Folkert van der Wei.

Nei dizze partij waard ek dúdlik hokker 1e klasse partoeren meidogge oan de 151e PC. Dat binne de partoeren Johan Abma, Pieter Bakker, René Janse, Simon Minnesma, Mannes van Weert en Yde Klaas Dijkstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)