Jamin tred by EK Yngling

© Omrop Fryslân
Op de Iselmar by Starum is dizze wike syld om de Europeeske titel yn de Yngling-klasse. Yn fiif dagen farre de dielnimmers 14 wedstriden, wêrby't de twa minste resultaten ôflutsen wurde. Ferline wike sylden de junioaren, dizze wike wiene de senioaren oan bar.
Maarten Jamin fan De Jouwer wûn sneon de 13e wedstriid en waard úteinlik yn de einstân mei in tredde plak de bêste Fries. Marije Faber tsjinne har protest te let yn. Se einige op in 20e plak.