Skoatterlânsedyk wer iepen

© Omrop Fryslân
De Skoatterlânsedyk yn Mildaam is fan sneon ôf wer iepensteld foar ferkear. In lytse fjouwer moannen is wurke oan de oanlis fan in nij rioelstelsel yn it doarp. Ek de kom fan it doarp is op 'e nij ynrjochte sadat it feiliger wurden is. De opknapbeurt soarge foar in soad oerlêst foar benammen de ûndernimmers om't se minder goed berikber wienen.
Nei de simmerfakânsje wurde de fuotgongerspaden oanpakt. Dat hat gjin gefolgen foar it ferkear.