60ste SKS offisjeel iepene

© Omrop Fryslân
Yn Grou wie freedtejûn de iepening fan de 60ste SKS. Der waard ek lotte foar de startplakken foar De Feanhoop (moandei). Pieter Brouwer, de eardere skipper fan Earnewâld, makket dit jier syn debút op it skûtsje fan It Hearrenfean, de Gerben van Manen. Dat skûtsje start op de Feanhoop fan plak ien. Twad is De Jouwer en tred It Hearrenfean. Lêste is Drachten.
Foar de wedstryd by Earnewâld (tiisdei) wurdt yn de omkearde folchoarder start.