Ljeppersbûn lilk op gemeente

24 jul 2004 - 15:24

It Frysk Ljeppersbûn hat krityk op de nije stedsrekreaasjekaart fan Ljouwert. It bûn is fernuvere dat op de kaart inkeld ferwiisd wurdt nei de webside fan de Polsstokbond Holland. Dy is net aktyf yn Fryslân. It Ljeppersbûn komt op de stedsrekreaasjekaart net foar. It bûn hat deroer in lilke brief skreaun oan boargemaster Dales.

Earder waarden ynwenners fan Himpens/ Tearns lilk doe't se de rekreaasjekaart seagen. Har doarp stie der net op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)