Ybema op De Tynje fallyt

© Omrop Fryslân
In kombinaasje fan minne ekonomy, tanimmende konkurrinsje, hege stielprizen en leankosten ha konstruksjebedriuw Ybema fan De Tynje de kop koste: it bedriuw is fallyt. De wurknimmers binne tongersdeitemiddei ynformearre.
It bedriuw stiet bekend as ien fan de bêste stielkonstruksjebedriuwen yn Fryslân. Se ha ûnder oare wurke oan it Grinzer Museum en de koepel fan de Friesland Bank yn Ljouwert.