Starum wachtet noch op priis

24 jul 2004 - 10:21

De skûtsjekommisje fan Starum wachtet noch altyd op de priis dy't de provinsje ferline jier oan de kommisje jûn hat. Op foardracht fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen krige Starum ferline jier de provinsjale priis.

De ploech krige by de útrikking in symboalyske sjek fan 500 euro, mar dat jild is noch hieltyd net byskreaun. De provinsje seit dat de fertraging komt troch it ûntbrekken fan guon gegevens. Mar it jild soe no ûnderweis wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)