Frivius nij enerzjybedriuw

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt per 1 augustus in nij provinsjaal enerzjybedriuw. De nije stroomleveransier Frivius is in dochter fan de enerzjygigant Eneco en moat oer in pear jier merklieder wurde yn Fryslân, sa is it doel fan de betinker.
Om klanten te krijen kinne alle ynwenners fan Fryslân persoanlik besite ferwachtsje fan Frivius. Yn in jier tiid wol Frivius 10.000 fan de 250.000 húshâldings yn Fryslân binnenhelle hawwe.