Moskeebesite yn Ljouwert nimt ta

23 jul 2004 - 17:11

Moslims dogge minder oan har geloof. Se geane net sa faak mear nei de moskee as foarhinne. Dat komt út in ûndersyk fan it Sociaal Cultureel Planbureau. Fan de Turken giet noch mar 35% nei de moskee.

De Turkse mienskip yn Ljouwert bestiet út 400 minsken. Neffens imam Önlü nimt de moskeebesite lykwols net ôf, mar ta. Ek komme hieltyd mear jongeren nei it freedtemiddeisgebed yn Ljouwert. Önlü set dan ek grutte fraachtekens by it ûndersyk fan it Planburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)